sluiten
Inloggen
Aangesloten sites bij
sluiten

‘Mem fan Tutte' Diet Huber stoarn

  • LC | Gepubliceerd op 09 oktober 2008, 14:01
  • Laatst bijgewerkt op 10 oktober 2008, 08:07
LJOUWERT - 

Yn har wenplak Amsterdam is tiisdei de skriuwster en yllustratrise fan berneboeken Diet Huber ferstoarn. Se is 84 jier âld wurden. Diet Huber waard 9 april 1924 berne yn Ljouwert. Se hat in grut tal berneboeken yn it Frysk en Hollânsk makke, mar sil foaral yn it ûnthald bliuwe as de ‘Mem fan Tutte'. Har bekendste berneferske wie ‘Tutte mei de linten'.

Dat ferskynde foar it earst yn 1953, op de berneside fan de Friese Koerier, dêr't Huber foar wurke fan 1952 oant 1961. It boek ‘Tutte mei de linten' mei ferskes en plaatsjes fan Diet Huber kaam út yn 1955. Op fersyk fan Wim Hora Adema hat se - as opfolchster fan Annie M.G. Schmidt – njoggen jier berneferskes skreaun foar Het Parool. Mear oer Diet Huber yn de krante fan freed,

Gedichten foarlezen troch Diet Huber, opslein by Tresoar:

Guon Minsken

Ik haw de film sjoen

Mei frou Spin

Tema: us deistich brea

Wat wiesto leaflik

Inloggen
Reacties
  • Wa is er yn Fryslân net grut mei wurden?
    Bakker Harke bliuwt myn moaiste. Kin him noch sa opleppelje.
    In Fryske berne klassiker.

    Geplaatst door Bill Barilko op 23:15 09-okt-2008
  • De mâlbroekmich en de Teltsjebeam, ha wy hjir yn'e kast stean.
    Us bern fyne se noch skitterend.

    Geplaatst door Ochhea op 00:03 10-okt-2008
Schrijf een reactie
Op artikelen ouder dan 2 dagen kunt u niet meer reageren.

advertenties

Stelling

Politieke partijen falen, Nederland heeft een zakenkabinet nodig (reageren)
Poll
Mee eens (70%)
Mee oneens (30%)
Totaal aantal stemmen: 617

Uitagenda

Nieuw op deze site: het meest complete overzicht van uit-activiteiten in Friesland. Naar de agenda

Ochtendeditie

Elke ochtend rond negen uur de ochtendeditie van de Leeuwarder Courant via e-mail? Geef u op voor de nieuwsbrief!

Iets aan de hand?

Verhalen, nieuwsfeiten, foto's: de redactie wil graag reacties van lezers. Tip de krant!

Gouden Gurbes 2010

Gouden Gurbe: de Oscars van de iepenloft-spullen. Volg het nieuws in aanloop naar de uitreiking. Gouden Gurbe 2010

Bespaar en win!

advertenties